Boer Olke út Texas siket nije leafde yn Boer Zoekt Vrouw

© Boer zoekt vrouw
Nederlân sit der snein wer plat foar: Boer Zoekt Vrouw Internationaal. En it wurdt foar de Friezen in ekstra moai seizoen, want by de fiif boeren dy't yn dizze rige sintraal stean, sit ek in Fries om utens: de 52-jierrige boer Olke Jongsma. Sneintejûn wurdt lang om let dúdlik hoefolle froulju in brief skreaun ha oan boer Olke.
Wa is boer Olke?
Olke ferhuze goed 30 jier lyn mei syn âlden en sân broers en susters út Aldhoarne nei Winnsboro, Texas. Dêr hâldt Olke 1400 kij en 1200 jongfee. Hy hat fyftjin Meksikanen oan it wurk, dy't ek by him op it hiem wenje. Acht jier lyn binne Olke en syn eks-frou út inoar gien. Syn folwoeksen bern Brenda, Kim en Rick hoopje dat der gau in nije frou yn it libben fan harren heit komt. "Us heit is in hiele leave man, hy groetet elkenien en sneins giet der altyd nei tsjerke. We hoopje dat er it wurk wat mear lizze litte kin as hy wer in frou hat."
Wat stiet de froulju yn Texas te wachtsjen?
De takomstige frou fan boer Olke moat al oer hege temperatueren kinne, want it is faak hiel waarm yn Texas. Mar dêr stiet tsjinoer datst lekker barbecueë kinst yn de tún en oars kinst ek altyd noch in dûk nimme yn it swimbad dat Olke neist hûs hat. Ek krijt se de hiele famylje Jongsma derby, want Olke sjocht syn famyljeleden frij regelmjittich.
Romantyk
Olke fynt himsels net in grutte romantikus. "Mar dat is miskien wat yn myn foarige relaasje better kind hie, mear wurdearring nei elkoar útsprekke." En al liket Olke op it earste each miskien gjin grutte 'knuffelbear', hy hâldt seker wol fan 'in krûpke'. "At it wat wurdt mei ien fan de froulju, dan jou ik myn hert, dan krijt se alles," fertelt Olke oan presintatrise Yvon Jaspers fan Boer Zoekt Vrouw. At Olke kieze moat tusken syn kij of in frou? "Dan wurdt it dochs de frou, want mei dy kij kinst jûns net op de bank sitte."
Hoe Frysk is boer Olke nei 30 jier?
Mei Yvon Jaspers praat Olke Nederlânsk, mar syn Fryske tongfal is noch goed te hearren. Ferskate famyljeleden fan Olke wenje by him yn de buert. De Jongsma's sykje inoar faak op foar in bakje kofje. Heit Jelle en mem Wiepie fertelle dat se nei tsientallen jierren yn Amearika har noch altyd in Fries fiele. Ek Olke fielt him noch ferbûn mei syn heitelân. "Ik bin heal Amearikaan en heal Fries. Dat Fryske bloed giet der nea wer út."
Neef Olke libbet mei
Yn Fryslân stiet sneintejûn de telefyzje ek oan by neef Olke Jongsma, dy't no wennet op de pleats dêr't Olke út Texas mei syn âlden eartiids wenne hat. "Tegearre mei myn frou sil ik nei de útstjoering sjen. We binne hiel benijd hoe't Olke it jûn docht."
Benijd nei de aventoeren fan boer Olke? Sjoch dan de kommende wiken op snein om 20.20 oere nei Boer Zoekt Vrouw op NPO 1.