Goutum lansearret eigen enerzjykoöperaasje

Goutum hat sûnt sneon syn eigen enerzjykoöperaasje: Energiek Goutum. Yn doarpshûs Ien en Mien kinne doarpsbewenners sneontemiddei yn 'e kunde komme mei Energiek. Doel fan de nije klup is om de ynwenners fan it doarp te foarsjen fan griene stroom, mar ek te soargjen foar bettere enerzjybesparring. Doarpsbelang is yn 2015 úteinset mei it ûndersykjen oft it doarp ferlet hat fan in eigen enerzjykoöperaasje.
Skriuwer Hans de Vries fan Energiek Goutum fertelt dat der doe fuort in soad entûsjasme yn it doarp wie "Goutum is al een groen dorp, maar er is ook de wens om verder te verduurzamen. Momenteel heeft Energiek Goutum 25 leden, ons streven is om dit jaar uit te groeien tot honderd leden."