Kânsen op earemetaal by WK ôfstannen

It is sneon in spannende dei foar reedrydleafhawwers, want der falle medaljes te fertsjinjen by it WK ôfstannen yn Súd-Koreä. Healwei tsienen gean de froulju fan start mei de 5 kilometer, mei as Fryske kânshawwers Antoinette de Jong en Carien Kleibeuker. Dêrnei de 1000 meter foar manlju, en dan de 1000 meter foar froulju. Marrit Leenstra hopet dêrby earemetaal te heljen. Sneontemiddei de 10 kilometer mei Sven Kramer en Jorrit Bergsma. Ferslachjouwer Koos Wieling docht op radio en ynternet de hiele dei ferslach foar Omrop Fryslân.