Stijn Schaars is wer út it gips

Stijn Schaars is út it gips. De middenfjilder fan Hearrenfean hat in lytse moanne yn it gips sitten, omdat hy kampte mei yrritaasje oan it gewricht. Dizze wike is it gips ferwidere en traint Schaars mei AlterG Anti-Gravity Treadmill. Dat is in apparaat wêrby't de ûnderste gewrichten troch de swiertekrêft amper of net belêste wurde. Wannear Schaars wer by de seleksje oanslút is noch net wis.
Schaars en Shay Facey binne de iennige twa dy't net meidwaan kinne tsjin AZ. Henk Veerman keart werom fan in hamstringblessure. Sam Larsson is skorst.
Trainer Jurgen Streppel is ek skorst. Nei oanlieding fan de wedstriid tsjin FC Utrecht hat Streppel ien wedstriid skorsing krigen. Tieme Klompe sil Streppel ferfange as haadcoach.
Hearrenfean-AZ is it duel tusken de nûmer fiif en sân fan de earedifyzje. It duel is snein fan 14.30 oere ôf live te folgjen op Omrop Fryslân radio.
Mooglike opstelling: Mulder, Marzo, St. Juste, Van Aken, Bijker, Kobayashi, Thorsby, Van Amersfoort, Ødegaard, Reza en Zeneli.