De fisy fan coach Erik Braal
De nije coach fan basketbalklup Lasaulec Aris is Erik Braal. Ferslachjouwer Roelof de Vries prate ferline wike lang mei him. Erik Braal hat earder trainer west fan Rotterdam en Bergen op Zoom en stiet goed oanskreaun yn de basketbalwrâld. Yn it petear praat Braal oer syn rol as coach. Hy jout syn fisy oer wannear't je neffens him in goeie trainer binne. It folsleine ynterview is hjirûnder werom te hearren. It is foaral nijsgjirrich foar oare trainers.