FNP: ''Provinsje moat gau feilige dyk nei Starum oanlizze''

© Google Streetview
De provinsje moat avesearje mei de oanlis fan in feilige dyk nei Starum. Dat seit de FNP yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De besteande dyk giet troch Himmelum en Warns en soarget dêr geregeld foar ûnfeilige situaasjes. Der is yntusken jild foar in dyk by Himmelum del, mar foar it lêste stik, by Warns, is noch neat ôfpraat. De polityk praat al jierren oer in oplossing, mar it duorret neffens de FNP te lang.
De partij wiist derop dat Provinsjale Steaten ferline wike in ferlanglist ynleverje mochten mei hoe't se tweintich miljoen euro provinsjaal jild ferdiele wolle. In part fan dat jild moat brûkt wurde foar in nije dyk nei Starum, seit de FNP.