Jan Smeekens wrâldkampioen op de 500 meter

Jan Smeekens is de nije wrâldkampioen op de 500 meter. De Sallanner, dy't al jierren yn Snits wennet, kaam yn 34.58 oer de streek. It sulver wie foar de Dútser Nico Ihle yn 34.66, de Rus Ruslan Murashov pakte it brûns yn 34.76. Foar Smeekens is it de grutste en moaiste priis út syn karriêre, nei it sulver op deselde ôfstân op de Olympyske Spelen fan 2014 yn Sotsji.
Ronald Mulder waard fiifde yn 34.85, Dai Dai Ntab foel.