Dronken Drachtster slingeret oer de A7

Autoride ûnder ynfloed
In 52-jierrige Drachtster automobilist wie tongersdei sa dronken dat er beide rydbanen en de flechtstreek fan de A7 nedich hie om op de dyk te bliuwen. Plysjeminsken koenen de man mei wat muoite dúdlik meitsje dat er de auto oan de kant sette moast. Dat wie op de ôfslach rjochting Easterwâlde.
De man moast syn rydbewiis ynleverje en krige in rydferbod fan tsien oeren. Hy wie te dronken om in ferklearring ôf te lizzen. Dêrom moat er him freedtemoarn op it plysjeburo melde om noch útlis te jaan oer syn gedrach.
It Iepenbier Ministearje sil letter noch beslute oer strafferfolging.