Kollum: "Leave Wiebes"

"Ik siet yn Pim's broadsjesaak mei in bakje kofje. Neist my bestelde ien in sûpe. Yn in stêd as Den Haach dêr't je de latte macchiato's, cortado's en spicy chai's om de earen fleane, bestelde in manljusstim in simpele sûpe.
Se hienen it net. It waard in beker molke. Ik draaide op 'e side, om te sjen wa't hjir sa'n net alledeiske bestelling die, en seach rjocht yn it gesicht fan ús steatssekretaris fan Financiën, Eric Wiebes.
Fuortendaliks wie ik fan. Sûpe. Gjin strapatsen en dochs ek in bytsje dwers. Gewoan sûpe. Ja, ik wie fan. Dat, wylst ik eins lilk op him wie. Want hy hie er krekt it gedrocht fan in nije zzp-wet trochhinne treaun. In útprobearsel wie it, dizze wet DBA, mei negative gefolgen. Ek foar my. Ik doarde him der op dat stuit net op oan te sprekken.
Doe't hy in kosteplaatsje makke op in servetsje, seach ik hielendal troch in rôze bril nei him. Ás je dan dochs in steatssekretaris fan Financiën fertrouwe moatte, dan moat it ien wêze dy't foar syn plezier rekkensomkes makket op in servetsje.
Ik ha de rôze bril dizze wike mar ris efkes ôfsetten. En net allinnich omdat er der in potsje fan makke hat by de Belestingtsjinst. Dêr moast hy foar op it matsje komme by de Twadde Keamer. In fertrekregeling binnen de Belestingtsjinst, of eins gewoan in oprotpreemje, is út de finansjele klauwen rûn ûnder syn lieding.
"Maar die vertrekregeling had ik helemaal niet besteld!" rôp er út tsjin de Keamerleden dy't er fragen oer hienen. As gong it oer in glês molke yn stee fan in beker mei sûpe. Mei de Belestingtsjinst sil it wol goedkomme, want jild is dêr gjin probleem, hat er sein. Blykber is it yn dat gefal minder slim om mei jild fan it ryk te smiten.
Mar allegear leuk en aardich, leave hear Wiebes, wolle jo ús ûndernimmers ien belofte dwaan? Dat jo ús nea wer sa'n gedrocht fan in wet DBA yn de mage splitse? Jo ha my as zzp'er fan 'e wike in brief stjoerd dêr't jo einlik yn tajouwe dat it net wurket en dat it útsteld wurdt oant 2018. Wy ûndernimmers seinen direkt al dat it gjin goede wet wie. Miskien hienen wy gewoan gelyk. Wy binne op it lêst de minsken dêr't it om giet. En yn 2018? Krije we dan wat betters?
Troch dizze wet dy't no dochs gjin wet is, krij ik fan in grutte ûnderwiisynstelling in rekken net betelle. Ja, ik krij it úteinlik wol betelle mar dêrfoar moasten der earst 865 mailtsjes foar hin en wer stjoerd wurde, ik moast in online formulier ynfolje, in nije rekken stjoere en it is noch net klear want der sit in flaterke yn it online formulier. Moast neigean, ik ha yn desimber al gewoan in rekken stjoerd. Sa as ik altyd doch. Al tsien jier.
Mar troch de nije wet-dy't-gjin-wet-mear-is, en troch de betizing dêroer, bin burokratyske organisaasjes folslein fan de lech. Se binne benaud dat se it ferkeard dogge by de Belestingtsjinst.
Myn akkefytsje is neat ferliken mei guon zzp'ers dy't er echt ûnder te lijen ha, omdat se der minder wurk troch ha. Of minder betelle krije troch payroll-konstruksjes. De wet is no dus útsteld, mar it leed is al lijd. Wolle jo dat meinimme yn de evaluaasje, menear?
En beste hear Wiebes, mei ik jo foar al dit ekstra wurk foar myn rekken in rekken stjoere? As jo wolle, kin dat op in servetsje."
Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it deistich libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.