ZZP'ers op Kontaktdagen

De organisaasje fan de bedriuwekontaktdagen takom jier maart yn it Ljouwerter WTC Expo ferwachtet net minder flecht op'e koai troch de ekonomyske situaasje op it stuit. Wol wurdt rekken hâlden mei lytse ûndernimmers lykas ZZP'ers mei in wat krappere beurs. De netwurkbeurs foar sakelju en oerheden wol dit jier net allinnich wurkje oan in soad kontakten tusken de dielnimmers, mar ek oan de kwaliteit dêrfan.