VVD: ''Bouboeren by de Biltdiken net beheine''

De Nije Biltdyk © Google Streetview
De steatefraksje fan de VVD hat fragen steld oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer de beskerme status fan de Biltdiken. De partij wol witte hoe't it kolleezje yn it noch op te stellen protokol garandearje sil dat bouboeren yn it gebiet net beheind wurde. De Ried fan Steat hat earder de beswieren fan bouboeren tsjin de beskerme status ôfwiisd.
Sy sizze dat har bedriuwsfiering bot beheind wurdt troch de status. Sa soe it dreech wurde om in fergunning te krijen foar it dimpen fan sleatten en wurde fergunningen foar sinnepanielen wegere.