Wüst: ''Zo zenuwachtig, ik ben de kleedkamer ingegaan''

Ireen Wüst wie der tongersdeitemoarn noch net wis fan oft har tiid fan 3.59.05 genôch wie foar in gouden medalje. ''Tijdens mijn rit was ik enigszins zenuwachtig, maar ik was nog veel zenuwachtiger toen Martina moest rijden'', sa seit Wüst. Dochs wie it goed foar de winst op 'e 3000 meter by de WK ôfstannen. Tsjinstanner Sábliková waard twadde mei 3.59.65. It brûns gie nei Antoinette de Jong fan Rottum yn 4.01.99.
''Ik dacht eerst: ik ga fietsen en kijken'', sa seit Wüst. ''Maar toen opende Martina met een ronde van 30.2 seconden. Dat trok ik niet, dus toen ben ik de kleedkamer ingegaan waar ik geen scorebord had.''
Oer in jier hopet Wüst yn itselde iisstadion by de Olympyske Spelen yn Gangneung wer it goud te pakken. ''Ik heb nu sowieso een goede herinnering aan deze plek. Het zou mooi zijn als het dan weer lukt. Eerst ga ik van dit feestje genieten.''
''Medaille van Sven''
By de priisútrikking yn Súd-Koreä gie der efkes wat mis. Op it poadium krige Wüst de medalje fan de 5000 meter foar manlju útrikt. "Ik heb de medaille van Sven gekregen'', sa fertelle se nei ôfrin. ''Er staat op: 5.000 meter men. Een foutje denk ik", sa lake de wrâldkampioene.
Nauta fiifde
Yvonne Nauta hie yn har earste rit in persoanlik rekôr fan 4.02.56. Dêrmei einige de 25-jierrige Friezinne op it fiifde plak. Nauta, de nûmer trije fan it Nederlânsk kampioenskip op 'e 3000 meter, debutearret yn Súd-Koreä op de WK ôfstannen.