Jillert Anema: "It iis is kreas, mar de stêd is in rotsoai"

It iis is kreas, mar yn 'e stêd is it op guon plakken ien grutte rotsoai. Dat seit reedrydcoach Jillert Anema oer de omstannichheden yn Gangneung, yn Súd-Koreä. Dêr begjint tongersdei it WK ôfstannen. "Yn alle tintsjes binne se hurd oan it poetsen, en de taffeltsjes binne hiel skjin, mar dan rinne se mei hun rotsoai nei de oare kant fan de bûlevaar, en achter in muorke smite se dan de troep wer del. By elk restaurant hast dêr troep te lizzen."
Om kertier oer njoggenen moarns, Nederlânske tiid, begjinne de froulju mei de trije kilometer.
Dêrnei komme de manjlu yn aksje. Dy ride fiif kilometer. Jorrit Bergsma, dy't traind wurdt troch Anema, moat yn de ien-nei-lêste rit oantrede. Hy rydt dan tsjin dy oare Fryske stayer Sven Kramer.