De stim fan Gideon: "Banen foar de nije generaasje"

Gideon Anjema (18) út Holwert mei dit jier foar it earst stimme. Hy sit noch op skoalle. "Ik fyn it belangryk dat der banen binne foar ús, de nije generaasje. Mar ek dat de soarch foar de âldere minsken goed is, sy ha ús lân opboud." Ek fynt er miljeu belangryk. "Dêr genietsje ik fan en mei syn allen moatte we derom tinke." Hy moat him noch ferdjipje yn de partijen, mar sil wol te stimmen. "Elke stim is der ien, mar om goed te kiezen sil ik de programma's earst trochlêze."
De stim fan...
Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezings. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezings op ús ferkiezingsside.