Frou rydt wer sûnder rydbewiis

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintejûn op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert de auto fan in 47-jierrige frou út Tytsjerk yn beslach nommen. De frou waard trapearre op it riden sûnder jildich rydbewiis. Dat wie de ôfrûne tiid al faker bard. Twa plysjes seagen de frou riden en werkenden har fan eardere oanhâldings. Der waard opnij proses-ferbaal opmakke en boppedat waard har auto yn beslach nommen.