AB Vakwerk helpt statushâlders oan it wurk

De gemeente Ljouwert sil mei AB Vakwerk 24 statushâlders oan it wurk helpe yn molke- en tsiisfabriken. De statushâlders krije in kontrakt foar minimaal in healjier en binne dan net mear ôfhinklik fan in útkearing. AB Vakwurk soarget foar de training en de begelieding op it wurkplak. De trainingen wurde jûn op it trainingscentrum fan de Dairy Campus yn Goutum. Op dat sintrum wurde alle jierren mear as 1.200 kursisten út de hiele wrâld oplaat.