FIDEO: Hoe is it om yn in Sineesk gesin op te groeien?

Elk grut doarp yn Fryslân hat wol in Sineesk restaurant. It iten is bekend, mar wat bart der achter de klaplûkjes? Sun Li hat dêr in boek oer skreaun. Yn dat ferhaal lit se sjen wa't de gesinnen binne dy't sa hurd wurkje en hoe't de bern opgroeie. Sun Li is berne yn Hongkong en opgroeid yn Fryslân. Har âlden kamen yn 1980 nei Fryslân en hiene earne yn Súdwest-Fryslân in restaurant. Yn it boek is se earlik oer har libben, dat net maklik wie mei botsende kultueren.
Yn Fryslân Hjoed fertelt Sun Li oer har jeugd en yn de reportaazje is in portret te sjen fan eigener Fong Yeh en syn frou Lia Chang fan restaurant Sin Jah yn Ljouwert.