De stim fan Joop: "Ik lig nergens wakker van"

Joop Burbach fan Beetstersweach (60 plus) leit nergens wekker fan. "Fryslân is een prachtige provincie met alle ruimte en mogelijkheden." Joop hat in eigen bedriuw yn advys oan management en direksjes hân en hy is tefreden oer syn libben. "Ik maak me geen zorgen, er wordt zoveel geleuterd op twitter en Facebook. Kijk naar de verkiezingen in Amerika, al die ongelooflijke verhalen. Ik neem dat met een grote korrel zout. Zet je eigen lijn maar uit en beoordeel de dingen zoals ze zijn."
Ek oer de soarch is Joop te sprekken. Hy hat lêsten in heupproteze krigen. "De zorg is goed geregeld." Hy fielt him wol fertsjintwurdige yn Den Haag. "De regeringspartijen hebben de zaken in de crisistijd goed op orde gebracht. Er zijn zeventien miljoen mensen in Nederland. Het lijkt wel of iedereen nu een eigen partij begint. Laten we verstandig blijven en terug naar af gaan." Joop sil te stimmen. "Mijn stem gaat naar de VVD."
De stim fan...
Op 15 maart binne de Twadde Keamerferkiezings. Omrop Fryslân lit alle wurkdagen in Fries oan it wurd. Yn de rubryk 'De stim fan...' hearre we hoe't hy of sy oer de polityk tinkt. Wat fine se derfan, wêr sitte se oer yn en wêr stimme se op? Sjoch foar alles oer de ferkiezings op ús ferkiezingsside.