FIDEO: Biltsk op de Slotschool yn Sint-Anne

Op de dei dat in delegaasje fan acht Bilkerts in 'petisy' foar de erkenning fan it Biltsk oanbiedt oan de Twadde Keamer stiet yn groep 6 fan de kristlike Slotschool yn Sint-Anne Biltske les op it lesroaster. Dy les bestiet út Biltsk rappe, in Biltsk histoarysk ferhaal, Biltsk prate en Biltsk lêze. In materiaal foar de Biltske les wurdt allegearre yn de eigen gemeente ûntwikkele troch de kemissy meertalighyd, dêr't ek juf Marijke Bloembergen diel fan útmakket.
De bern binne aardich posityf oer de Biltske les.