Helte stroomgebrûk skoalle Bûtenpost troch sinnepanielen

© Omrop Fryslân
De sinnepanielen op it dak fan it Lauwers College yn Bûtenpost soargje foar hast de helte oan stroom dy't de skoalle brûkt. Dat hat de skoalle koartlyn sels útrekkene. It Lauwers College hat sûnt de simmer dik 600 sinnepanielen op it dak.
De skoalle docht noch mear mei duorsume enerzjy. Der is in waarmte- en kjeldopslach. Winterdeis brûkt dy waarm grûnwetter foar de ferwaarming en simmerdeis kâld wetter foar de kuolling. Dat skeelt in hiel soad oan stookkosten.
De skoalle skaft miskien wol in elektryske auto oan, om tusken de skoallokaasjes hinne en wer ride te kinnen.
It Lauwers College wol mei dizze maatregels net allinne besunigje. De skoalle wol ek bydrage oan in duorsume takomst foar syn learlingen.