Soad anonime meldingen oer himpkwekerijen en fernielingen

Der binne it ôfrûne jier goed 1400 tips binnenkaam by Meld Misdaad Anoniem dy't fan tapassing binne op Noard-Nederlân. Dat is mear as yn it jier dêrfoar. Tiisdei hat Meld Misdaad Anoniem de jiersifers bekend makke. Fierwei de measte anonime meldingen yn Noard-Nederlân geane oer himpkwekerijen.
Wat fierder opfalt is de taname yn it tal tips dat te krijen hat mei fernielingen. Yn 2015 wiene dat trettjin, ferline jier 42.