LTO Noard bliid mei útstel proef wetterpeil Lauwersmar

© Henny Langenberg
LTO Noard is bliid mei it beslút fan de provinsje Grinslân om de proef mei it ferheegjen fan it wetterpeil yn de Lauwersmar mei in jier út te stellen. LTO neamt it in terjochte beslút, dat mei nei oanlieding fan beswieren tsjin de proef naam is. LTO is fel tsjinstanner fan de proef om't de lânbou-organisaasje bang is foar de gefolgen fan wietere en sâltere grûn. Boppedat soe de feiligens yn gefaar komme. It útstel fan de proef jout de belutsen partijen de kâns om de monitoaring te ferbetterjen en fiskpassazjes oan te lizzen.
Ek kinne der ekstra peilbuizen pleatst wurde foar de nulmjitting. De proef soe dizze moanne úteinsette en moat ûnder oare de kwaliteit en kwantiteit fan it reid ferbetterje.