Nije beammen by stasjon Ljouwert

© Omrop Fryslân, Robea Kleisma
Foar it treinstasjon yn Ljouwert wurdt tiisdei in begjin makke mei it plantsjen fan beammen. It giet om 90 beammen, as ferfanging fan beammen dy't ferline jier kapt binne fanwege de werynrjochting fan it gebiet foar it stasjon. Der geane ferskate soarten de grûn yn, in diel dêrfan is in jier as tsien âld en dêrtroch al wat grutter. De beammen wurde fan hjoed ôf plante, nei alle gedachten sil dat in oantal moannen duorje. Fan 't hjerst komme der nochris 20 beammen by.