Drankrider nei in wylde rit mei skea oanholden

© CTBfotografie
In 48-jierrige drankrider fan It Hearrenfean is moandeitejûn nei in libbensgefaarlike rit fan Ljouwert nei syn wenplak boppe op in plysje-auto botst. De plysje socht de man, nei't er yn in parkeargaraazje yn Ljouwert in slachbeam en in bak mei struisâlt kapot riden hie. De man naaide út. Hy ried mei hege snelheid oer de A32 en slingere sa bot dat hy de hiele dyk nedich hie. Op de K.R. Poststrjitte op It Fean botste hy tsjin in plysje-auto, dy't dêrtroch útskeakele waard. De man naaide opnij út, mar waard op de Pastoriestrjitte klemriden.
De man fersette him tsjin syn oanhâlding. Hy beflibe, misledige en bedrige de plysjeminsken mei de dea. It rydbewiis fan de drankrider wie earder al ynnommen foar in oar fergryp.