Sander Metz hâldt op mei syktocht nei biologyske famylje

Sjonger Sander Metz fan Itens hâldt op mei syn syktocht nei syn biologyske famylje yn Yndonezië. Dat skreau er moandeitemoarn op syn Facebookside. Metz hat de ôfrûne jierren faak de media helle mei syn syktocht. De ynternasjonale stjoerder TLC makke sels in dokumintêre oer Metz.
Dochs hat it net it winske resultaat opsmiten. "Ik bin der no eins wol klear mei. Dat klinkt hurd, mar it is goed sa. Ik haw der alles oan dien wat ik dwaan koe. Ik haw de rêst fûn yn mysels", sei er yn it programma De Middei fan Fryslân.
DNA
Metz wachte de ôfrûne tiid noch op ien testútslach. In dna-test fan in mooglik famyljelid. "Mar dy wie ek negatyf. Dat wie it momint dat ik tocht: ik hâld der mei op."
In lytse trochbraak yn de syktocht kaam ferline jier foar Metz, doe't er yn Yndonezië de frou fûn dy't de earste wiken foar him soarge hat. "Sy hat my wol in soad ferteld. Net alles, mar dat hat grif ek mei de kultuer te krijen. It is goed sa."
Reizgje
De reis doe nei Yndonezië wie goed foar him, fertelt Metz. "Ik kaam derachter dat ik my dêr thús fiel, mar hjir ek. Yndonezië heart by my, lykas Fryslân. En dat reizgjen bliuwt seker. Ik wol wer werom nei Yndonezië."