Streppel: "We hebben onnodig van Utrecht verloren"

Sportklup Hearrenfean hat snein ûnnedich ferlern fan FC Utrecht. Dat is, flak nei de wedstriid, de oertsjûging fan trainer Jurgen Streppel. Streppel fynt dat SC Hearrenfean yn de earste helte 'te traach spile'. Der stiene geregeld jonges op it ferkearde plak. Der waard mar ien kâns fuortjûn, mar dat wie wol fuortendaliks in goal foar FC Utrecht.
Yn de twadde helte spile SC Hearrenfean wol goed yn de eagen fan Streppel, mei eins mar ien manko: der waard net skoard. "En dan verlies je."
Sam Larsson woe nei de wedstriid gjin kommintaar jaan op syn reade kaart - eins twadde giele kaart - yn de twadde helte. "Dat is it beslút fan de skiedsrjochter."
Martin Odegaard fûn it 'in bysûnder frustrearjende wedstriid'. "Wy spilen goed, seker yn de twadde helte, mar we skoarden net. Dêr moatte we hurd oan wurkje." Odegaard hat it gefoel dat der progresje yn syn spul sit, mar kin dêr net fan genietsje as it team ferliest. "Wy hawwe no al in pear kear goed spile en ferlern. Dat moatte we omdraaie."