Goed 1.000 fytsers ûnderweis yn winterfytsalvestêdetocht

Fytsers yn de snie © Omrop Fryslân
Goed tûzen minsken binne sneintemoarn fanút de Ljouwerter Alvestêdehal ôfsetten foar de winterfytsalvestêdetocht. Dêrmei sit de tocht fan goed 200 kilometer net hielendal fol. Der is ek in koartere rûte, de sânstêdetocht. Dy is 90 kilometer. Dizze fytsers binne fanút Snits ôfset.
De earste fytsers wurde sneintemiddei fan twa oere ôf werom ferwachtte yn de Alvestêdehal. Ferline jier waard de winterfytsalvestêdetocht stillein fanwege de kjeld en de rein.