"Pauguozzen gean echt net earder fuort"

It is ûnmooglik om de pauguozzen earder út Fryslân wei te krijen. Dat seit foarsitter Melle Pieter Prins fan de guozzekrite yn Dongeradiel.
Om foar te kommen dat guozzen tefolle skea feroarsaakje, soenen se earder werom moatte nei har briedplakken op de poalsirkel. Dat wie ferline wike ien fan de ideeën dêr't boeren, jagers en provinsje oer praten. It punt is dat pauguozzen - yn it Nederlâns brandganzen - it boerelân keal frette. Yn de winter is dat net sa'n probleem, mar yn de maitiid wol.
Want dan wolle de boeren dat gers sels fan it lân ôfhelje en brûke. En dus moatte se earder werom nei de poalsirkel, dêr't se briede en jongen krije. Buro de Vries frege har ôf: "Hoe dogge je dat?" en leinen de fraach foar oan Melle Pieter Prins, foarsitter fan de guozzekrite yn Dongeradiel.
Rêstgebieten
Neffens him is it in gefolch fan ús eigen belied dat de pauguozzen folle langer bliuwe as earst. Troch it ynstellen fan rêstgebieten, kinne de guozzen har no sa fol frette dat se de reis nei de Poalsirkel yn ien kear helje. Earder moasten se noch by-frette yn Poalen en giene se dus ek earder dy kant út. No gean se pas heal maaie fuort.
It gefolch is dat se de foar de boer sa wichtige earste sneed gers opfrette. In probleem dêr't gjin oplossing foar is, sa seit Melle Pieter Prins. Allinne it delsjitten fan hiele grutte oantallen guozzen soe miskien wat helpe kinne, mar dêr is gjin draachflak foar.
Hy sjocht dan ek gjin oare mooglikheid as it trochsetten fan it hjoeddeistige belied, mei rêstgebieten foar de guozzen en skeafergoeding foar de boeren.