Hurdrider fljocht mei 174 kilometer oer de Sintrale As

In 27-jierrige ynwenner út Ljouwert is sneon syn rydbewiis kwytrekke. De man ried mei 174 kilometer yn 'e oere oer de Sintrale As, wylst dêr mar 100 kilometer tastien is. De Ljouwerter rûn tsjin de lampe troch de laserkontrôle dy't op dat stuit op de dyk holden waard.
Ek in 38-jierrige ynwenner út de gemeente Achtkarspelen moast syn rydbewiis ynleverje. Hy ried op itselde stik dyk 150 kilometer yn 'e oere.