Feestlike Skylge-reüny by konsert fan Hessel en Tess

Hessel en Tess yn de Ziggo Dome
It dak fan it Ziggo Dome gong der noch krekt net ôf, mar in grut feest wie it al. Hessel en Tess spilen sneontejûn de seal yn Amsterdam plat. Sa'n 10.000 man wiene op it konsert ôfkaam, ûnder wa sa’n 900 bewenners fan Skylge. It waard in grutte Skylge-reüny en dit waard fersterke troch de oanklaaiïng fan it poadium as in strân mei in kampfjoer derop. Neist Hessel en Tess wie der ek noch in gastoptreden fan de Zwolske rapper Typhoon.
Nei it evenemint wurde alle bewenners fan Skylge wer mei bussen nei Harns ta brocht en dêrnei sille se mei de boat wer werom nei it eilân. Op de fearboat is in afterparty mei eilanner dj's. Ek Hessel en Tess sille hjirby oanwêzich wêze.