Beide shorttrackploegen troch nei de ôflossingsfinale

Sjinkie Knegt © Martin de Jong
Sawol de manlju as de froulju hawwe harren pleatst foar de ôflossingsfinale by de wrâldbekerwedstriden shorttrack yn de Dútske stêd Dresden. Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Dylan Hoogerwerf en Mark Prinsen einigen krekt foar Ruslân. De frouljusploech mei Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven wûnen de heale finale oertsjûgjend. Se finishen hast 2,5 sekonde earder as de nûmer twa Japan.
De finale wurdt snein ferriden.