ONS Boso Snits hurd ûnderút mei 4-1 tsjin Odin

ONS Boso Snits is sneon mei 4-1 hurd ûnderút gien tsjin Odin '59 yn Heemskerk. Yn de 15e minút kaam ONS op in 0-1 efterstân. De Snitsers krigen in penalty tsjin troch in lichte oertrêding fan Iloba Achuna en Odin wist dy te benutten. Fuort hjirnei krige Yume Ramos in moaie kâns, mar koe dy net fersulverje. Odinspiler Meijer krige yn de 40ste minút read nei twa giele kaarten en sa moast de thúsploech mei tsien man fierder. ONS koe hjir foar rêst net mear fan profitearje.
ONS kaam goed út de klaaikeamer en sette Odin ûnder druk, mar ta skoaren kaam it net. Odin bruts út yn de 69ste minút en makket de 2-0. Yn de 78ste minút waard it sels 3-0, in grutte tebeksetter foar ONS. Yn de 89ste minút wit Rein Werumeus Buning dochs de 3-1 op it skoareboerd te setten, mar yn deselde minút makke Odin 4-1. Dit wie dan ek de einstân.
Trainer Richard Karrenbelt fan ONS hie nei ôfrin de smoar yn. Hy neamde it spul fan syn ploech 'schandalig slecht'. It ferskil mei in wike lyn wie dan ek grut. Doe wûn ONS mei 6-0 fan VVOG. Karrenbelt fûn benammen dat syn ploech fierste slap oan de wedstriid begûn wie.