Fries Museum ferwolkommet 150.000ste besiker Alma-Tadema

It Fries Museum hat sneontemiddei de 150.000ste besiker fan de tentoanstelling oer Sir Lawrence Alma-Tadema ûntfongen. Fan tefoaren waard der tocht dat de eksposysje 80.000 besikers lûke soe. It museum hat jûns ekstra iepen west om alle belangstellenden te ûntfangen. De skilderijen fan Alma-Tadema binne noch oant en mei tiisdei te sjen, dêrnei geane se nei in museum yn Wenen.
Yn it Fries Museum waarden sneontemiddei ek opnamen makke troch de NOS.