Fryske shorttrackers troch nei finales yn Dresden

Sjinkie Knegt © Martin de Jong
Ferskate Fryske shorttrackers hawwe har freed by de kwalifikaasjes fan de wrâldbeker yn Dresden fersekere fan in plakje yn it haadtoernoai dit wykein. Sneon stean de 1000 en 1500 meter op it programma. Dennis Visser en Sjinkie Knegt ride de 1000 meter. Daan Breeuwsma docht mei oan de 1500 meter. By de froulju ferskine Suzanne Schulting by de 1000 meter en Rianne de Vries by de 1500 meter. Schulting en Knegt binne beide ek al wis fan in plakje yn de heale finale fan de 1500 meter. Foar Dennis Visser is der snein noch in werkânsing.
Op de 500 meter wisten Rianne de Vries, Dylan Hoogerwerf en Daan Breeuwsma harren te kwalifisearjen foar de kwartfinales op snein. Itzhak de Laat waard feroardiele ta de werkânsing.
Sawol de Nederlânske manlju as froulju wisten har sûnder in soad problemen te pleatsen foar de heale finales fan de ôflossing. De ploech mei de Friezen Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Dylan Hoogerwerf en Mark Prinsen en ek de frouljusploech mei dêryn Friezinnen Suzanne Schulting en Rianne de Vries finishen harren heat as earste en setten de flotste tiid del.