PvdA: Provinsje moat om tafel mei oannimmer Sintrale As

De provinsje moat sa gau mooglik om tafel mei de haadoannimmer fan de Sintrale As. Dy moat ta de bûse om de ûnderbetelle izerflechters fan it projekt dochs noch in goed salaris te jaan. Dat fynt de PvdA yn Provinsjale Steaten.
De partij reagearret dêrmei op in rapport fan de arbeidsynspeksje. Dat rapport is makke yn opdracht fan it fakbûn FNV. Ut it rapport docht bliken dat de izerflechters as ZZP'ers op papier stiene, wylst se dat yn werklikheid net wiene. It FNV hie dat in goed healjier lyn sels ek alris oanjûn by de provinsje.
De PvdA fynt dat der eins al earder yngrepen wurde moatten hie, mar no moat dat seker. De provinsje sil kontrolearje oft alle wurknimmers oan de Sintrale As neffens de wet betelle binne.