Fuotbalfroulju Hearrenfean kinne it net winne fan Ajax

Froulju SC Hearrenfean tsjin Ajax © Twitter Heerenveen Vrouwen
De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean binne der freedtejûn op sportpark Skoatterwâld net yn slagge om te winnen fan de fuotbalsters fan Ajax. De Amsterdamse froulju, koprinner yn de earedifyzje, wûnen de earste wedstriid fan 2017 mei 1-0. It duorre lang foar't de iennichste goal fan de wedstriid makke waard. Yn de earste helte leinen der ferskate kânsen foar beide klups, mar neat waard beleanne mei in goal. Pas yn de 66ste minút seach Marjolijn van de Bighelaar fan Ajax kâns de bal yn it net te krijen.