Hearrenfeansupporters wer frij mar noch wol fertochte

Justysje © Omrop Fryslân
De sân Hearrenfeansupporters dy't fêstsieten omdat se mei geweld in supporter fan FC Grins bestellen hawwe soene fan in spandoek, komme freed frij, seit justysje. Se bliuwe wol fertochte yn de saak en se moatte ynkoarten foar de rjochter komme. Yn ferbân mei de stellerij waarden noch fiif oare Hearrenfeansupporters oppakt. Dy wiene earder al frijlitten, mar sy moatte ek foar de rjochter komme.