Keet folslein ôfbaarnd yn Twizelerheide
In skaftkeet dy't oan it Wyldpaed West yn Twizelerheide stie, is tongersdeitejûn folslein ôfbaarnd. De brânwacht fan De Westereen hie it fjoer gau ûnder kontrôle. It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe. Mooglik is de skaftkeet yn 'e brân setten.