Aris kânsleas tsjin Zwolle: "Dit komt hard aan"

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Ljouwert giene tongersdeitejûn kânsleas ûnderút yn en tsjin Zwolle. It waard 120-67. Nei it earste kwart wie al dúdlik dat de Ljouwerters neat begjinne koene tsjin Zwolle. It stie doe al 26-14. By rêst wie de achterstân oprûn ta 58-36.
Nei it skoft rûn Zwolle allinnich mar fierder út op de Ljouwerters. It wie "prijs schieten", sa as Aris sels twittere. In tal blessueres by de spilers makke it der ek net better op. De einstân wie úteinlik 120-67. "Dit komt hard aan", sa skriuwt de klup op twitter.
Troch it ferlies bliuwt Aris op it ien-nei-lêste plak stean. Zwolle stiet twadde, achter Donar út Grins.