Cambuur en Hearrenfean krije fergoeding fan UEFA

Fuotbal © Omrop Fryslân
SC Hearrenfean en SC Cambuur krije in moaie fergoeding fan Europeesk fuotbalbûn UEFA. De fergoeding is foar it beskikber stellen fan spilers foar it EK of de EK-kwalifikaasje. SC Hearrenfean kriget hast 25.000 euro. Cambuur kin goed 33.000 euro byskriuwe.
De Nederlânske fuotbalklups krigen mei-inoar likernôch oardel miljoen euro. De UEFA hat yn totaal goed 150 miljoen euro ferdield. De fergoeding wurdt basearre op it tal dagen dat in spiler net beskikber wie foar in klup. Dêrneist krije grute klups in hegere fergoeding as lytsere ploegen.