Cambuur riedt him no al ta op bekerfinale

De heale finale tsjin AZ moatte se noch spylje, mar Cambuur makket him no al klear foar de finale fan de KNVB-beker. In delegaasje fan de klup hat yn De Kuip yn Rotterdam west. Dêr is yn april de finale.
De delegaasje woe dêr fan de KNVB hearre hoe't se soks krekt oanpakke moatte kwa logistyk. Hoe krije jo bygelyks 18.000 supporters feilich yn De Kuip. Soks moatte jo net op de achterkant fan in sigarekistke dwaan, seit direkteur Ard de Graaf fan Cambuur.
Cambuur hat it noch nea meimakke, dat se spylje kinne om in finaleplak om de KNVB-beker. Al spilet Cambuur in difyzje leger as AZ, de Ljouwerters hawwe in goede kâns om de finale te heljen, seit De Graaf. As jo fan Ajax en Utrecht winne kinne, kinne je ek fan AZ winne. It wurdt in wedstriid op himsels.