Nij skilderij fan Alma-Tadema dûkt op by feilinghûs

Der is in nij skilderij opdûkt fan Lourens Alma-Tadema. Yn it Londenske feilinghûs Bonhams komt op 1 maart it wurk 'A sollicitation' ûnder de hammer. It skilderij wie altyd yn hannen fan in Ierske famylje. Sy wisten wol dat it fan wearde wie, mar net hoefolle.
It skilderij stiet foar 30.000 oant 50.000 pûn yn de katalogus. Nei ferwachting sil it mear opsmite troch de fernijde belangstelling foar Alma-Tadema.
'A sollicitation' is in akwarel út 1878, en ien út in rige skilderijen mei deselde soart komposysje. It Fries Museum hat ek in wurk út dy rige yn besit: 'Amo te, Ama me', mar dat is yn oaljeferve. It Fries Museum hat gjin belangstelling foar 'A sollicitation', want der komme wol gauris soksoarte wurken op de merk. Dêrmei hat it gjin grutte museale wearde.