Stichting foar islamityske skoalle stapt nei Rie fan Steat

© ANP
De stichting dy't yn Ljouwert in islamityske basisskoalle oprjochtsje wol, stapt nei de Rie fan Steat. Reden is de ôfwizing troch de steatssekretaris fan de oanfraach foar de skoalle. Yn dy oanfraach ferliket de stichting Ljouwert mei Maastricht, ûnder oare kwa grutte fan de gemeente en it tal learlingen. Neffens de steatssekretaris giet dy ferliking lykwols net op en dêrom waard de oanfraach ôfwiisd.
De stichting hat dêrop noch fierder ûndersyk dien, ûnder oare yn oerlis mei de gemeente Ljouwert. Sjoen de útkomsten fan dat ûndersyk is besletten om beswier oan te tekenjen by de Rie fan Steat.