Fan Weesp nei Kollum, foar in betelbere hierwenning

© Joost Lammers, RTV Noord-Holland
It wurdt in hiele omslach foar Abdellah Arrais út it Noard-Hollânske Weesp. Mei syn famyljeleden ferhuzet er tongersdei nei Fryslân, nei Kollum. De famylje wenne mei sechtjin persoanen yn in lyts flatsje, mar dêr moasten se út, sa meldt RTV Noord-Holland.
Abdellah Arrais hie gjin oare kar as nei oare wenromte te ferhúzjen. Foar 27 febrewaris moast Abdellah de flat fan syn broer Mustafa en syn beide âlden ferlitte. Foar syn gefoel waard er tsjinwurke troch de wenningbouferiening en ek de gemeente kaam har belofte net nei.
Trettjin jier yn Dubai
De problemen ûntstienen doe't Abdellah in jier lyn mei syn famylje nei Nederlân kaam, mei in ferbliuw fan trettjin jier yn Dubai. Hy hie altyd yn 'e omjouwing fan Weesp wenne en tocht tydlik by syn broer en âlden yn te wenjen. Dat ferrûn dochs hiel oars.
Gjin betelbere wenning
Nettsjinsteande syn wurk as postbesoarger, slagge it Abdellah net in betelbere hierwente te finen. De famylje krige ek gjin urginsjeferklearring. De Nederlânske famylje wenne dêrom mei acht folwoeksenen en acht bern yn in lytse wenning. "Het is een jungle'', sei broer Mustapha Arraiss.
Nei Kollum
No hat de famylje dochs in oare wenning fûn. Dêrfoar moatte se wol yn skoftke yn 'e auto sitte. De nije wente leit nammentlik yn Kollum. De famylje krijt no aanst fjouwer sliepkeamers, in grutte tún en in skuorre. En dat foar in moaie priis. "We gaan er het beste van maken", sa sizze se.