Nije kâns foar Ljouwerter skieppehoeder Sam Westra

Sam Westra bliuwt mooglik dochs skieppehoeder yn de gemeente Ljouwert. Westra hie in koart pleit oanspand tsjin de gemeente, omdat er nei in oanbesteging net langer mei syn kudde it Griene Stjergebiet beweidzje mocht. De gemeente hie de priis-kwaliteitferhâlding fan de ferskate ynskiuwers mei-inoar fergelike en dêrby kaam de Wylde Weide út Tsjalbert as bettere kandidaat út de bus.
Wêrom dat net mei is noch net dúdlik, dat moat blike út de motivaasje dy't letter bekend makke wurdt. As de gemeente dochs oanbesteegje wol, dan moatte de beide ynskriuwingen op 'e nij beoardiele wurde. Sam Westra is dêr bliid mei, omdat er no kâns makket om it wurk dochs noch te krijen. De rjochter hat tongersdei bepaald dat it wurk net gund wurde mei oan de Wylde Weide.
''Bliid, mar noch gjin dúdlikens''
Westra is bliid dat er noch yn 'e race is, mar fynt it dochs wol spitich dat der gjin mear dúdlikens is. "It bliuwt allegearre noch ûnwis, mar it is wol in earste stap. Ik bin wol tefreden dat ik op myn punten gelyk krigen ha. Der is noch in perspektyf."
Ek de gemeente Ljouwert sit neffens wethâlder Friso Douwstra yn de wachtkeamer. "We moatte de ûnderbouwing ôfwachtsje en fine it teloarstellend dat we noch net witte wêr't we oan ta binne", sa seit Douwstra yn in reaksje. Op 8 febrewaris komt der mear dúdlikheid oer de oanfoljende easken fan de rjochtbank.