Marketingmeiwurker moat Dokkum better op 'e kaart sette

De gemeente Dongeradiel wol in marketingmeiwurker ynhiere om Dokkum better op 'e kaart te setten. De gemeente hat de ôfrûne tiid petearen hân mei ûndernimmers út de stêd. Doel fan dy petearen wie om in plan op te stellen om Dokkum noch better oan te priizgjen. Want, sa seit de gemeente, it docht bliken dat Dokkum "een goed bewaard geheim is, en dat is niet wenselijk''.
Promoasje
De marketingmeiwurker moat in promoasjeplan meitsje foar de stêd en soargje dat dit ek útfierd wurdt. Der moat in webside oer Dokkum komme, promoasje op de sosjale media en goede ynformaasje oer eveneminten yn de stêd.
De bedoeling is dat de meiwurker foar acht oeren yn de wike ynsetten wurdt. De kosten wurde rûsd op 25.000 euro yn it jier. De bedoeling is dat de gemeente en de ûndernimmersferiening beiden de helte betelje sille. De gemeenteried mei him meikoarten útsprekke oer dit plan.