Enkête oer berne-opfang op Skiermûntseach

© ANP
De gemeente Skiermûntseach hâldt in enkête oer berne-opfang op it eilân. Ofrûne hjerst hie de gemeente al in earste ûndersyk dien nei foarsjenningen foar bern. Dêrút die bliken dat der fraach is nei in berne-opfang op Skier. Om goed yn kaart bringe te kinnen wat de winsken fan de âlden binne, hâldt de gemeente no in enkête. Ynwenners kinne de fragelist foar 10 febrewaris ynfolje.