Tet Rozendal skriuwt Grut Frysk Diktee 2017

Sjongeres en aktrise Tet Rozendal skriuwt it Grut Frysk Diktee dit jier. De fyftjinde edysje wurdt tiisdei 4 april hâlden. In dei letter stjoert Omrop Fryslân it út op telefyzje. Lykas altyd dogge ek in tal bekende Friezen mei, lykas trûbadoer Frerik de Swetser en skûtsjeskipper Sytze Brouwer en broer Harmen.
Wa't meidwaan wol oan it Grut Frysk Diktee sil him of har kwalifisearje moatte fia in kwalifikaasjediktee. Dat kin fia in spesjale webside dy't meikoarten yn de loft komt. Tusken 8 en 19 maart kinne minsken har kwalifisearje.
Eare
"It is in hiele eare" seit Tet Rozendal. "Ik skriuw myn eigen foarstelling en lietsjes al en kollums, en wol my mear talizze op it skriuwen. Dus ik hoegde net lang nei te tinken doe't ik frege waard. Ik sei fuort dat ik it wol skriuwe wol, mar dat ien it noch wol neisjen moat oft it wol geef Frysk is." Se wit noch net wêr't se oer skriuwe sil, mar fynt it belangryk as in soad minsken har der wol yn werom kenne. "En fansels wol ik der wol in útdaging fan meitsje foar de dikteeskriuwers."
#diktee2017
De Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert is op 'e nij de arena dêr’t de dikteeskriuwers tsjininoar stride. Karen Bies, presintratrise by Omrop Fryslân, sil de dikteetekst foarlêze. Meiprate oer it diktee of oer de útstjoering kin op de sosjale media fia #diktee2017. De organisaasje fan it diktee leit yn hannen fan de Afûk, Cedin Expertisecentrum Meertaligheid, de Fryske Akademy, provinsje Fryslân en Omrop Fryslân.