UPDATE: wer treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp

De trein fan Arriva
De problemen mei it treinferkear tusken Ljouwert en Hurdegaryp binne foarby. Dat meldt ferfiersbedriuw Arriva. Earder woansdeitemoarn moast it treinferkear stillein wurde, omdat der by de Oostergowei yn Ljouwert in auto op it spoar stie. Hoe't dat koe is noch net dúdlik.
Der waarden bussen ynset om reizgers tusken Ljouwert en Hurdegaryp ferfiere te kinnen. Tusken Hurdegaryp en Grins koe wol mei de trein reizge wurde.