Eksperimint: Boargers meie gemeentejild ferdiele

In groep fan 150 ynwenners fan de gemeente Harns krijget ynkoarten in brief yn de brievebus mei de fraach de gemeente te helpen om 100.000 euro te ferdielen. De gemeenteried praat wol gauris reedlik lang as it om it ferdielen fan jild giet. Mar ek by dizze boargerbegrutting, want sa hjit it, hat de ried úteinlik it lêste wurd. It giet hjir om in proef.
Wethâlder Harry Boon hopet dat der úteinlik hûndert minsken meidwaan wolle oan de boargerbegrutting. It is harren taak om it jild oer njoggen tema's te ferdielen wêrnei't de hiele befolking oan set is. Hielendal nij is it net dat ynwenners sels in bedrach ferdiele meie, mar spannend is it wol foar de gemeente.